Aris kin nei min twadde kwart thús net stunte tsjin Den Bosch

15 des 2018 - 21:56

De basketballers fan Aris ha yn de thúswedstriid tsjin Den Bosch net foar in stunt soargje kinnen. Yn it Kealledykje waard it 73-84. It begjin wie noch goed, mar nei in swak twadde kwart rekke de winst al út sicht.

David Michaels - Foto: www.dijksfotografie.nl

Aris, dat dizze wike alwer ôfskied naam fan Johnny Williams, begûn sterk en hie healwei it earste kwart sels in foarsprong fan njoggen punten: 14-5. Den Bosch kaam dêrnei wol wat werom, mar Aris koe in foarsprong fan sa'n fiif punten fêsthâlde oant healwei it twadde kwart. Doe gie it mis: Den Bosch makke in run fan 13-0. De foarsprong fan 29-27 foar Aris waard in efterstân fan 29-40.

Dy klap kaam Aris net mear te boppe. By it skoft wie it ferskil noch hieltyd alve punten: 37-48.

21 punten efter

Yn it tredde kwart rûn Den Bosch noch fierder út. De foarsprong foar de besikers wie yn dat kwart op in momint sels 21 punten. Dêrnei liet Aris it net folle fierder komme, mar de winst siet der op dat momint al net mear yn tsjin de nûmer twa fan de Dutch Basketball League.

Troch in prima fjirde kwart (23-16), wêryn't topskoarer Stefan Wessels (17) by Den Bosch benammen op de bank siet, makke de ploech fan Tony Van den Bosch de skoare noch wol wat draachliker.

Den Bosch ferdielt punten better

By Aris kamen de punten sa as sa faak fan David Michaels (19) en Griffin Kinney (17). Ek Nick Masterson holp mei 18 punten yn de produksje. Bas Veenstra pakte njoggen rebounds.

By Den Bosch wiene der kwa skoares gjin útsjitters, mar dêr waarden de punten goed ferdield: sân spilers mei op syn minst acht punten. Wessels wie ek nochris goed foar alve rebounds.

Utwedstriid tsjin Zwolle

Den Bosch stiet dus twadde, mar takom wike stiet der noch in dregere wedstriid op it programma foar Aris. Dan moatte de Ljouwerters op besite by koprinner Zwolle.

Trefwurden: 
Aris basketbal Den Bosch
(advertinsje)
(advertinsje)