LDODK smyt winst fuort yn topper tsjin TOP

LDODK hat sneontejûn in lykspul helle tsjin TOP. Op De Gordyk waard it 24-24. Dat wie spitich foar de thúsploech, want by it skoft wie it noch 17-11 foar LDODK. De ploech seach dat TOP yn de twadde helte mei in grutte comeback noch in puntsje oer it fjoer slepe koe.
Trainer Henk Jan Mulder nei it lykspul
LDODK naam yn it begjin fan de wedstriid dúdlik ôfstân fan TOP. Nei acht minuten wie it al 6-2 foar de thúsploech. Dy foarsprong waard yn de earste helte allinnich mar grutter, sa't de stân by it skoft 17-11 foar LDODK wie.

Duel draait folslein om

Yn de twadde helte knokten de spilers fan TOP harren werom yn de wedstriid. Nei tsien minuten wie de foarsprong fan LDODK noch mar 2 punten: 19-17. En ek dy foarsprong wie as snie foar de sinne ferdwûn doe't TOP brutaal de lieding pakte (22-24). Op dat momint rjochte LDODK him op en troch doelpunten fan Andre Zwart en Friso Boode waard it dochs noch gelyk.
Erwin Zwart nei it lykspul

Mid-Fryslân rekkenet ôf mei Rohda

Mid-Fryslân spile sneontejûn yn de haadklasse B. Thús tsjin Rohda waard it 30-27. Mid-Fryslân pakte fan it begjin ôf de foarsprong (9-6) en koe dy fêsthâlde oant it skoft. De stân wie doe 20-16.
Yn de twadde helte slagge it Mid-Fryslân earst de foarsprong út te wreidzjen (25-19). Letter kaam Rohda wer wat tichteby (27-23) mar de oerwinning fan Mid-Fryslân kaam net mear yn gefaar.

SCO ferliest fan Oost-Arnhem

Yn dyselde haadklasse ferlear SCO sneon in útwedstriid tsjin Oost-Arnhem. Yn de earste helte rûn de thúsploech rap út nei in 7-3 foarsprong. Dat koe SCO noch ophelje oant 14-13 by it skoft.
SCO kaam yn de twadde helte sels efkes op foarsprong (14-15) mar dêrnei joech Oost-Arnhem gas. De ploech pakte in romme foarsprong (24-18) en luts de oerwinning oer de streek. Uteinlik stie der in einstân fan 29-22 foar Oost-Arnhem op it boerd.