VC Snits wint sûnder setferlies fan Apollo

15 des 2018 - 21:30

De follybalsters fan VC Snits ha sneontejûn gjin rare dingen dien op besite by Apollo: yn Borne wûnen de Snitsers mei 0-3. Dat moast ek: Snits stiet tredde, Apollo sânde.

Hester Jasper fan VC Snits - Foto: www.orange-pictures.nl

De earste twa sets gienen sûnder al te grutte problemen nei de ploech fan Paul Oosterhof: twa kear 25-17. Yn de tredde set koe Apollo mear ferset biede, mar Snits wûn dochs mei 26-24.

Nije wike sneon spilet Snits thús tsjin Pharmafilter út Amsterdam. Dy ploech stiet ûnderoan.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Apollo
(Advertinsje)
(Advertinsje)