Koade giel fannacht: KNMI ferwachtet glêdens troch snie

Yn de nacht fan sneon op snein én sneintemoarn jildt yn hiel Fryslân koade giel, fanwege glêdens troch snie. De KNMI ferwachtet dat er snie falt en dat kin nei trije oere nachts foar glêdens soargje.
© Omrop Fryslân
De warskôging duorret yn earste ynstânsje oant snein 13.00 oere.
Yn in diel fan Nederlân falt sneontejûn al snie en dat wreidet him letter út oer de rest fan it lân. Waarman Piet Paulusma ferwachtet sneontenacht yn Fryslân ek snie, mooglik rein en izel. Snein yn de moarntiid miskien noch kâns op snie, mooglik izel.