Automobilist wykt út foar kat en bedarret yn wetter
In automobilist wykte sneon op de dyk by Tsjerkgeast út foar in kat, mar bedarre dêrby wol mei de auto yn it wetter. Ferskate dûkploegen, boaten en rêders fan de brânwacht waarden alarmearre.
Uteinlik die bliken dat de man sels al út de auto komme koe. Hy is mei de skrik frijkaam. It ûngelok barde lâns de Gaestdyk.