Ineke Dedden twadde by KPN Maraton Cup yn Den Haag
De sande wedstriid fan de KPN maraton cup is wûn troch Lisa van der Geest. Yn Den Haag wie sy de rapste yn de sprint fan in lytse kopgroep. It twadde plak wie foar Ineke Dedden fan It Hearrenfean, Anne Tauber fan Oranjewâld tredde.
De wedstriid oer tachtich ronden siet lang op slot. It duorre dan ek lang foar't der in kopgroep ûntstie. Mei noch tweintich ronden te gean gie der dochs in groepke fantusken, mei dêrby ûnder oaren Dedden, Tauber, Van der Geest en Yvonne Nauta fan Twellingea.
Doe't Van der Geest de sprint oan gie yn de lêste ronde koene Dedden en Tauber der net mear oerhinne komme.