Noppert nei WK-ferlies: "Dit hie net mochten"

15 des 2018 - 19:23

"Dit hie net mochten, dit hie folle better kinnen." Dat sei Danny Noppert sneontejûn nei ôfrin fan syn nederlaach yn de twadde ronde fan it PDC WK. De Jouster ferlear troch in soad miste dûbels kânsleas fan Max Hopp út Dútslân. It waard úteinlik 3-0 yn sets foar de 22-jierrige Hopp.

"Ast safolle dûbels mist op bepaalde mominten dat it moat, dat is dat balen. Dan kin ik wer werom komme en lit ik it wer sjitte", sa sei in teloarstelde Noppert. Yn de tredde set hie de Jouster noch twa darts om werom te kommen, mar dy giene der net yn.

"Dreech ferhaal"

Noppert: "Myn gemiddelde wie heger, goed 97, en dan is myn dûbelpersintaazje mar 13 persint. Hy smiet de dûbels wol út en dat is it wichtichste fan it darten. Ast de dûbels net rekkest, wurdt it in dreech ferhaal"

Foto: Orange Pictures

Foar Noppert sit it dartjier der no op. Yn jannewaris begjint it nije seizoen fan de PDC. "Ik moat sjen om op de ranking heger te kommen. Dan kin ik takom jier op it WK heger ynstreame. Ik besykje der safolle mooglik foar te dwaan. Mar as it net dyn kant op falt, dat heart ek by de sport. Dat is it hurde derfan. Dêr moatst ek mei leare om te gean."

Trefwurden: 
WK Danny Noppert darten
(advertinsje)