Noppert rom ûnderút yn twadde ronde WK nei miste dûbels

Danny Noppert fan De Jouwer hat sneontemiddei yn Londen de twadde ronde fan it PDC WK darten ferlern. Tsjin Max Hopp út Dútslân ferlear de 27-jierrige darter mei 3-0 yn sets. It wie in teloarstellende wedstriid foar Noppert, dy't fierstente folle dûbels miste.
© Orange Pictures
Yn de earste set begûn de Jouster lykas freed senuwêftich. Hopp skoarde better as Noppert en smiet syn dûbels út. Sûnder in leg te winnen ferlear Danny Noppert de earste set. Ek yn de folgjende set woe it mar net foar de Fries. Kânsen wiene der wol en Noppert smiet hast noch in 9-darter; op de achtste dart gie it mis. Dochs gie ek de twadde set mei 3-1 nei de Dútser.

Setdart mis foar Noppert

Yn de lêste set krige Noppert op 2-2 de kâns der noch in wedstriid fan te meitsjen. De Jouster krige twa darts op dûbel 16, mar miste. Hopp pakte fia dûbel 18 de wedstriid en giet troch nei de tredde ronde. Dêryn treft er Nederlanner Michael van Gerwen of Alan Tabern.