Dennis Veenker yn achterhoede by wrâldbeker bobslydzjen
De Nederlânske bobslide, mei Dennis Veenker fan it Hearrenfean, is sneontemiddei as fjirtjinde einige by de wrâldbekerwedstriid yn it Dútske Winterberg. De Dútsers wiene dúdlik de baas yn eigen lân. It folsleine poadium yn Winterberg bestie út Dútske ploegen.
De Nederlânske fjouwermansbob, mei neist Veenker ek piloat Ivo de Bruin en remmers Joost Dumas en Janko Franjic oan board, gie twa kear nei ûnderen. Yn beide gefallen wie de eintiid 54.97. Dêrmei wiene se ien kear fjirtjinde en ien kear sechstjinde. Yn it einklassemint fan de earste dei kamen se út op it fjirtjinde plak.
Earst stiene se op plak fyftjin, mar de Nederlanners skoden in plakje op om't in Switserske ploech diskwalifisearre waard.