Ronald Schröer wint Adventurerun Amelân

15 des 2018 - 17:14

Hurdrinner Ronald Schröer fan Egmond a/d Hoef hat mei oermacht de Adventurerun op Amelân wûn. Hy die 1.10.13 oer de goed 21 kilometer. Dat wie mear as twa minuten rapper as de nûmer twa, Dennis Licht. Ruben Scheurwater kaam as tredde oer de streek.

Foto: Omrop Fryslân

By de froulju gie de winst op de heale maraton nei Carolyne Tuithoek. Sy kaam nei 1.16.14 oer de einstreek, fjouwer minuten foar de nûmer twa Jill Schröer. Op de 10 kilometer wûn Paul Geertsma fan Goutum by de mannen yn in tiid fan 34.24. Yn in einsprint fersloech hy Niels te Pas fan Enschede dy't eksakt ien sekonde letter oer de streek kaam. By de froulju gie de winst op dizze ôfstân nei Stefanie Bouma fan Drachten.

(advertinsje)