Wüst wint 1500 meter yn nij baanrekôr, Antoinette de Jong fiifde

15 des 2018 - 17:04

Ireen Wüst hat sneontemiddei op de wrâldbeker yn Thialf de 1500 meter wûn. De olympysk kampioene die dit yn in nij baanrekôr fan 1.53.30. Hjirmei wie se ien hûndertsten flugger as har eigen baanrekôr út 2013. It twadde plak gong mei 1.54.00 nei de Amerikaanse Brittany Bowe. De Russyske Yekaterina Shikhova waard tredde mei 1.54.03.

Ireen Wüst oer baanrekôr 1500m

Antoinette de Jong waard fiifde mei in tiid fan 1.54.86. Nei fjouwer ritten gong de 23-jierige reedrydster noch oan de lieding, mar al yn rit fiif pakte Shikhova it earste plak fan har ôf.

By de 1500 meter stiene noch twa oare Nederlânske froulju oan de start. Lotte van Beek waard sechsde mei in tiid fan 1.55.20, wylst Melissa Wijfje op it tolfde plak einige mei 1.57.04.

Antoinette de Jong nei 1500m

(Advertinsje)
(Advertinsje)