Brânwacht yn aksje foar brân op in boat yn Koatstertille

Yn Koatstertille is sneontemiddei in boat ferlern gien troch brân. De reekwolken wiene yn de wide omjouwing te sjen.
© Wiegmink Media
De brânwacht krige de melding fan de brân om tweintich oer ienen. De boat lei yn it wetter by de Mounestrjitte. Doe't de brânwacht te plak kaam sloegen de flammen út de boat. Oer de oarsaak fan de brân is neat bekend. It fjoer koe rap útmakke wurde.