Punt foar Harkemase Boys, winst foar Bûtenpost en ferlies foar ONS

15 des 2018 - 16:00

Harkemase Boys hat sneontemiddei ien punt oerhâlden oan de thúswedstriid tsjin DVS'33. Nei in spannende slotfaze waard it 2-2 op sportpark De Bosk.

It earste gefaar ûntstie al nei fiif minuten foar de goal fan DVS. Robert Stelpstra seach syn kopbal krekt njonken gean. In pear minuten letter wie it oan de oare kant fan it fjild wol raak, doe't Olivier Pilon DVS op foarsprong sette.

Boys werom yn de wedstriid

De Boys kamen dêrnei better yn it duel en krigen ek kânsen fia Henny Bouius en Robert Stelpstra. Yn de fjirtichste minút wie it úteinlik Henny Bouius, freed noch heit wurden, dy't in flater yn de ferdigening fan DVS ôfstraffe koe.

Fiif minuten nei it skoft kamen de Boys op foarsprong. It wie spits Robert Stelpstra dy't syn alfde goal fan it seizoen makke en dêrmei de skoare op 2-1 brocht. Dêrnei waard it wat minder gesellich op de Bosk. Noureddine Boutzamar krige giel nei't hy lulk waard op Hollart fan DVS. Dyselde Hollart skopte in pear minuten dêrnei Boutzamar ûnderút. Ek hy krige in giele kaart, en in oprin wie it gefolch.

Doe't elkenien de trije punten al telde foar Harkemase Boys, wie it dochs noch DVS dat in punt oer it fjoer sleepte. Berry Powel kopte in foarset fan Van Santen binnen foar de 2-2.

ONS Snit ûnderút tsjin SteDoCo

Yn de tredde difyzje koe ONS Snits it net oprêde tsjin SteDoCo. Yn Hoornaar waard it 3-1 foar de thúsploech.

Yn de tolfde minút kaam ONS al op efterstân. Ald-Cambuurspiler Marlon Pereira kopte in foarset fan Dos Santos binnen foar de 1-0. Nei in heal oere makken de Snitsers wer gelyk. Nick Kuipers skeat in frije traap binnen foar de 1-1. Lang koe ONS net genietsje fan de stân, want Jeroen Sterrenburg sette SteDoCo út in rebound fjouwer minuten letter alwer op 2-1.

Nei it skoft besocht ONS it wol, mar de ploech slagge der net yn om de lykmakker op it boerd te setten. Yn de lêste minút fan de wedstriid wie it Joran Schröder dy't it lêste wurd hie foar de thúsploech.

Knappe oerwinning foar VV Bûtenpost

De fuotballers fan VV Bûtenpost ha sneontemiddei trije punten byskreaun yn de haadklasse B. De ploech fan trainer René van der Weij wûn mei 1-0 fan SDC Putten troch in goal fan Rolf Dijk.

Rolf Dijk fan VV Bûtenpost - Foto: www.orange-pictures.nl

It earste gefaar wie foar de besikers, dy't nei in lyts kertier de latte rekken nei in hoekskop. Krekt foar it skoft wie der noch in grutte kâns foar Bûtenpost, mar de begjinstân wie ek de stân by it skoft.

Goal fan Rolf Dijk

Yn de twadde helte pakte Bûtenpost hieltyd faker it inisjatyf, en dat smiet de ploech in goal op. Rolf Dijk sette de thúsploech op 1-0 nei in oere spyljen. Hoewol't Putten it noch wol besocht, koe Bûtenpost dêrnei stânhâlde.

Mei de oerwinning passearret Bûtenpost tsjinstanner Putten op de ranglist. De Blaukes gean de winterstop yn mei 19 punten út 15 wedstriden en dêrmei stiet de ploech knap yn 'e middenmoat.

(advertinsje)
(advertinsje)