Janine Smit santjinde op 500 meter, Letitia de Jong wint B-groep
Janine Smit fan it Hearrenfean is sneon op de wrâldbeker yn Thialf santjinde wurden op de 500 meter. De 27-jierige reedrydster kaam ta in tiid fan 38.47. De oerwinning gong nei de Japanske Nao Kodaira. De hâlder fan it wrâldrekôr sette mei har tiid fan 37.17 ek in nij baanrekôr del. De Eastenrykse Vanessa Herzog waard mei 37.23 twadde. It tredde plak gong mei in tiid fan 37.70 nei de Amerikaanske Brittany Bowe.
Janine Smit wrâldbeker Thialf
Smit starte al yn de twadde rit tsjin de Kanadeeske Kaylin Irvine. Nei de earste 100 meter wie se mei 10.54 noch twa hûndertsten flugger as har direkte tsjinstanner, mar Irvine hie in bettere ronde en wie mei 38.40 úteinlik sân hûndertsten rapper. De iennige oare Nederlânse yn de A-groep, Jutta Leerdam, waard mei 38.18 alfde.
B-groep
Yn de B-groep wie Letitia de Jong sneontemoarn de rapste. De Feanwâldster ried 38.57. Dêrmei wie se flugger as de Sineeske Qishi Li (38.81) en de Japanske Arisia Tsujimoto (38.92). Antoinette de Jong waard fiifde yn in tiid fan 39.15. Ireen Wüst kaam ta in tiid fan 39.48 en waard dêrmei tolfde.