Oerûguayaan traint mei by SC Cambuur

15 des 2018 - 13:17

De Oerûguayaanske Matias Jones traint de kommende wike mei by SC Cambuur. De oanfaller spile yn it ferline ûnder oaren by FC Grins.

Foto: Orange Pictures

Op it momint stiet Jones ûnder kontrakt by Atletico River Plate yn syn thúslân. Mar, om't Jones in Nederlânske frou hat is er no yn it lân. Hy hat by Cambuur frege oft er meitraine kin oant en mei de winterstop om op kondysje te bliuwen.

Tusken 2010 en 2013 spile Jones by FC Grins. Ek waard er noch ferhierd oan FC Emmen, mar in grut sukses waard it ferbliuw fan Jones yn Nederlân net. Hy makke mar ien goal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)