Suksesfolle donearaksje foar bioboer: "Dit hadden we niet durven dromen"

In dei nei de start fan de crowdfundingaksje foar it biologyske boerebedriuw fan Gerben en Carla Engwerda by Tytsjerk is it bedrach fan 19.000 euro dat nedich wie al binnen.
Suksesfolle donearaksje foar bioboer: "Dit hadden we niet durven dromen"
De bern fan it pear ha de aksje opset om jild op te heljen dat nedich is om fosfaatrjochten te krijen. Bioboeren kinne in frijstelling krije foar dy rjochten, mar dat jildt allinnich foar fleiskij en net foar melkkij sa as de famylje Engwerda hawwe.
De famylje Engwerda hat sels it jild net om te beteljen foar de fosfaatrjochten en sy wiene benaud dat 35 fan har seldsume Fryske readbûnte en swartbûnte kij fan har feesteapel nei de slacht brocht wurde moasten.
Fia www.doneeractie.nl kin de aksje stipe wurde en dat is al in soad dien. Om 11.00 oere sneontemoarn stie de teller al op goed 24.000 euro.

Stiper jout 10.000 euro

Ien fan de donateurs hat 10.000 euro skonken en skreau by syn donaasje; 'laat het weten als jullie het doel niet op tijd halen'. Fierder binne der minsken dy't foar 500 euro in ko adoptearje en der binne ek lytsere bydrages fan 5 euro.
Fryske readbûnte kij © Omrop Fryslân

Niet durven dromen

"Dit hadden we niet durven dromen", seit soan Meindert Engwerda. "Toen we begonnen durfden we maximaal 19.000 euro te vragen, maar dat was al snel bereikt. Dat ging heel snel omdat iemand 10.000 euro gaf. Echt onvoorstelbaar."
Dy jefte wie anonym. Underwilens hat Meindert Engwerda wol in berjocht stjoerd, mar noch gjin kontakt hân. By de stipers sitte freonen en famylje. "Maar ook onbekenden, dat maakt het helemaal bijzonder en hartverwarmend. Het is waardevol dat mensen geld willen afstaan aan het bedrijf om mijn ouders te helpen."
Meindert Engwerda

Mem foel hast út de stoel

De boer en syn frou binne wiis mei de aksje. "Mijn moeder viel bijna uit de stoel van verbazing toen ze gisteravond zag dat er al zoveel binnen was. Dat had ze nooit verwacht."
It ekstra jild kin de famylje ek goed brûke. "Het is nog onduidelijk wat de kosten van de advocaat en boekhouder zijn. Bovendien is de afrekening dit jaar nog niet vast te stellen, dus we weten nog niet waar we aan toe zijn."