Foar de lêste kear binnensjen yn Museum Ald Slot yn Wergea

15 des 2018 - 12:15

It Museum Ald Slot yn Wergea is sneon foar it lêst iepen. De famylje Dijkstra kocht it monumintale hûs, Roorda State, mear as tritich jier lyn.

Dolf en Trijntje Dijkstra knapten it hielendal op en nei in oantal jier makken se der in museum fan mei stylkeamers oer hoe't minsken yn eardere tiden libben. It giet ticht om't it pear it neat mear iepen hâlde kin. Se binne beide 83 jier.

Dizze lêste dei fielt wol wat dûbel, fynt frou Dijkstra. "It sil ek wol leech wêze nei hjoed, mar tagelyk is it ek wol in befrijing. Je moasten altyd en dat hoecht aanst net mear."

We wienen altyd oan de gong

"It hat ús jong hâlden", follet Dijkstra oan. "We wienen altyd oan de gong. Myn doel wie om it pân te behâlden foar it doarp. It plan wie om it te slopen en om der bungalows te bouwen, mar dat woe ik net en dêrom ha we it kocht."

Yn al dy jierren ha se in hoop positive reaksjes hân. "Minsken fûnen it gesellich, meist oeral sitte en krijst in bakje kofje", fertelt frou Dijkstra.

Dolf en Trijntje Dijkstra 

Nei dizze dei wurdt it museum oprêden en komme der noch in pear ferkeapdagen. Takom maitiid giet it gebou yn de ferkeap.

Foto: Omrop Fryslân

Tusken 10.30 oere en 15.00 oere kinne minsken sneon noch binnen sjen.

Trefwurden: 
Wergea Museum Ald Slot
(advertinsje)
(advertinsje)