Omrop TIP: €astermar

In jier lyn wie Eastermar in gewoan doarp mei gewoane minsken, mei gewoane modale ynkommens. Dat feroare allegear op 1 jannewaris, doe't de grutste PostcodeKanjer ea foel.
Fryslân DOK: €astermar

53,9 miljoen euro

In bedrach fan 53,9 miljoen euro waard ferdield oer de bewenners fan it doarp mei lotten. It doarp stie folslein op 'e kop. Mar no 't de rêst wer werom is, ûntstiet de fraach, hoe giet it no mei de ynwenners fan Eastermar dy't in priis wûn hawwe?

Makket jild gelokkich?

De dokumintêre astermar portrettearret in tal minsken út it doarp dy't fertelle oer dy bewuste wike yn jannewaris. Wat dogge se mei it jild en wat hat it feroare yn harren libben? En: makket jild lokkich?
Sa ek de famylje fan Johan de Haan. De âlders fan De Haan wûnen dy't 18 miljoen. "We binne mei fjouwer bern en we binne no allegear miljonêr. De âlders kinne wol op de sinten sitte, mar dat hat ek gjin doel. Begjinst dy wol te realisearjen: wat ha we hjir eins wat by de ein", laket er.
Johanna Brinkman © Omrop Fryslân
De Fryslân DOK dokumintêre ' astermar' is snein 16 desimber fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.