Ljouwerter sikehûs MCL moat flink besunigje

Sikehûs MCL yn Ljouwert moat de kommende trije jier flink besunigje. It giet om in bedrach fan 20 miljoen euro. Dat skriuwt de Ljouwerter Krante. De besunigingsslach is nedich om't dúdlik wurden is dat der yn it MCL minder minsken behannele wurde as ferwachte, wylst de kosten oprinne.
Ljouwerter sikehûs MCL moat flink besunigje
It gefolch is no dat in plande ynvestearring útsteld wurdt. De ferbouwing fan de operaasjekeamers giet foarearst net troch.
Utsein foar de earste help en de intensive care komt der in fakatuerestop. De direksje lit de organisaasje trochljochtsje om te sjen wêr't effisjinter wurke wurde kin en wêr't de kosten omleech kinne.