Stichting Afvaloven Nee komt út de "loopgraven"

15 des 2018 - 10:44

Stichting Afvaloven Nee wol in nij paad ynslaan. Nei tsien jier striden tsjin de REC yn Harns is it tiid foar in oare oanpak. De tiid is dêr ek nei, om't de klimaatdoelen no heech op de wurklist stean.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Hans Gillissen fan de aksjegroep wol tenei yn oerlis mei politisy, bestjoerders en it bedriuwslibben om meiïnoar te sjen hoe't de ôffalberch lytser wurde kin.

"Wij zijn kritisch tegen de REC, dat zullen we ook altijd blijven, maar we willen ook nadenken over wat we doen met ons afval. Dat is een ander traject dat we nu zijn ingestapt. We zijn uit onze loopgraven gestapt wat dat betreft", seit Hans Gillissen.

We zijn uit onze loopgraven gestapt wat dat betreft.

Hans Gillissen

It doel fan Afvaloven Nee is noch wol dat de REC ticht giet. Freed blokkearre de aksjegroep de ôffaloven yn Harns noch, om sluting ôf te twingen.

De oandielhâlders ha lykwols besletten dat de REC iepen bliuwt. Wol wolle sy dat der kontinue dioksinemjittingen dien wurde, mar oft dat barre sil, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Harns REC Afvaloven Nee
(advertinsje)
(advertinsje)