Kris Callens hat noed oer kultuernota: "Het plan kan niet met het huidige budget"

15 des 2018 - 09:21

De provinsje makke earder dizze wike de kultuernota bekend. Dêr is net elk yn it kulturele fjild oer te sprekken. Direkteur fan it Fries Museum Kris Callens kaam dêr freed by de iepening fan in nije tentoanstelling yn Museum Belvédère op werom.

Kris Callens hat noed oer kultuernota

Kris Callens utere krityk op dy nije kultuernota. Hy fynt it net goed dat de provinsje ûnderskied makket tusken ferskillende keunstfoarmen. De provinsje makket popkultuer en lokaasjeteäter belangriker as byldzjende keunst en dat hat wierskynlik finansjele konsekwinsjes.

Neffens him is dat ûnderskied diskutabel, om't alle keunstfoarmen tsjintwurdich troch elkoar rinne. Foarbylden binne Under de Toer (teäter yn histoarysk erfgoed) en Into The Great Wide Open, in festival mei keunst en muzyk. Byldzjende keunst, poadiumkeunst en literatuer lûke ek hieltyd mear mei elkoar op.

Hy hie woansdei ynsprutsen op de kommisjegearkomste en die dat út namme fan 98 kulturele ynstellingen. Se ha de lêste wiken útfûn wat men yn it kulturele fjild fan dy nota fynt.

Foto: Provinsje Fryslân

Budzjet

"We zijn blij met wat er het voorbije jaar aan de plannen is gebeurd, maar er zijn een paar belangrijke elementen die moeten worden veranderd", seit Kris Callens. "Het is volgens ons volstrekt onnodig en contraproductief om de kunstinfrastructuur te beperken tot locatietheater en popcultuur. De zorg die ons bezighoudt, is dat het plan dat er nu ligt niet kan met het huidige budget. Over dat budget wordt pas volgend jaar besloten."

Hûs bouwe

Hy makke de ferliking mei in hûs. "Je besluit een bepaald soort huis te bouwen met verschillende kamers, maar je hebt eigenlijk maar geld voor één kamer, en dat is die kunstinfrastructuur. Het gevaar is dat die kamer klaar is en het budget op, dat er dan geen andere middelen zijn om andere vormen van cultuur te ondersteunen." Hy fynt dat better neitocht wurde moat oer dy iene 'keamer'.

Nije inisjativen

It doel fan it plan is goed, dat foar in goede basis soarge wurdt en dat der goede mooglikheden foar nije inisjativen binne. "Maar als je alleen maar het tweede financiert, dan mis ik wat bepaalde partijen rentmeesterschap noemen. Zorgen dat er een continuïteit is in wat de provincie cultureel te bieden heeft, voor erfgoed is dat evident, maar ook voor andere vormen van cultuur is dat belangrijk. Dat gaat over organisaties, kennis en ervaring. Dat is belangrijk voor nieuwe initiatieven en makers."

Foar en achter de skermen wurkje se fierder oan in sa goed mooglike útkomst.
"Om nog weer even op het huis terug te komen, een huis dat we op een goede manier bedenken in een scenario met extra geld, maar ook in een scenario met een gelijk budget, dat zo goed mogelijk uitpakt voor de hele provincie."

Kris Callens

(Advertinsje)
(Advertinsje)