Kollum: "Dach, kekke"

15 des 2018 - 08:21

"Ik wie in jier as acht. It binne fan dy dingen dy't je nea ferjitte. Op ús boerehiem hie ik myn eigen keninkrykje, mei hinnen en mei geiten. Alles koe en hast alles mocht ek. In ûnbesoarge jeugd, kinne je it neame. Mar op in dei gie myn geit nei de merke yn Ljouwert.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Wêrom wit ik net. Ik wie slim oandien. Sa slim, dat heit en mem oer harren hert strutsen en der in dei as wat letter in nije geit kaam. Jim kollumnist hat wat mei geiten, ik ha it faker sein. Geiten binne tûk, se binne freeslik eigenwiis en je kinne der ôfgryslik lilk op wurde en tagelyk kinne se nea wat ferkeard dwaan, want ja, it binne geiten.

Geiten binne wat minsken eins wêze moatte soenen.

Ik ha myn libben lang eins geiten hân. Op de bollestâl fan de pleats hie ik harren eigen hok makke. Se wisten sels wêr't se hinne moasten, want as ik se los liet, fleagen se nei it honk. De reden: der lei biks yn de bakjes. De leafde fan in geit giet noch folle mear as dy fan in man: troch de mage. As je in geit goed fuorje, binne jo syn bêste maat.

In geit wie eartiids de ko fan de earme man. Miskien is it dêrom ek wol myn favorite bist. In geit kin op in berm lâns de dyk oan it tsjoar prima molke produsearje. Ien fan myn nichten is grut wurden op geitemolke. In geit is ien fan de meast ûnderwurdearre bisten dy't der binne. Se meitsje in kwalitatyf heechweardich produkt fan hast neat. Kom dêr mar ris om yn de hjoeddeistige ekonomy.

Minsken soenen ris faker nei in geit sjen moatte.

Mar oan alles komt in ein. Myn leafde foar de geiten sil bestean bliuwe, mar dochs is it oars. It is no woansdei as ik dit skriuw, we ha hjoed de geiten nei in nije eigener brocht. Ik siet der wol oer yn. De dames binne al op leeftiid en ik woe se in goed nij hûs jaan. Troch konneksjes fia myn dochter is dat geweldich slagge. Se hoegden net in ein te reizgjen en ha in prachtich nij plakje krigen. Oan in trochgeande dyk, dus kin ik se sa no en dan ek noch even groetsje as ik der del kom.

Sa geane dy dingen. Myn hinnen ha in goed nij plak, buorman sil der mei rêde. De guozzen wienen al langer fuort. Dy libje no op aadlike grûn. Fierder sis ik dêr neat oer. Se ha it goed.

In nij haadstik. In nije episoade. Soms moat dat. Allinnich wol jammer dat je net oeral in geit ha kinne."

(advertinsje)
(advertinsje)