Tentoanstelling FRYSK: 100 jier skilderkeunst út Fryslân
Yn Museum Belvédère yn Oranjewâld is freedtejûn de tentoanstelling FRYSK iepene, dy't mear as 100 jier skilderkeunst út Fryslân sjen lit. It giet net allinnich om skilders dy't hjir berne binne, ek skilders dy't yn Fryslân wenne en wurke hawwe. It binne mear as hûndert skilders, dêr't it wurk fan toand wurdt.
Abstrakt, figuratyf, fan eartiids en no. Fansels Jan Mankes, dy't oan it begjin fan de 20ste iuw syn skilderijen makke yn De Knipe. Of de hjoeddeistige skilder Jonas Snijder, dy't plakken opsiket yn Fryslân en ynspirearre wurdt troch it lânskip.
Brûklien
Der binne 19 brûklienen fan it Fries Museum dy't in plakje krigen ha oan de muorren fan Museum Belvédère. Dat is bysûnder, omdat it Fries Museum tsjin de gewoante yn wurken útliend hat út syn fêste kolleksje 'Ferhaal fan Fryslân'. Oan dizze tentoanstelling FRYSK woe it Fries Museum graach meiwurkje.
Direkteur Kris Callens iepene de tentoanstelling. Yn syn taspraak sei hy dat hy stride wol foar in ferskaat kultureel klimaat en sjocht Museum Belvédère dêryn as partner. Trochdat Museum Belvédère der is, kin it Fries Museum oare, oanfoljende saken dwaan. Hy tinkt dat de gearwurking beide musea sterk makket.
Susan van den Berg oer de útstalling
De tentoanstelling is gearstald troch Susan van den Berg en Han Steenbruggen en duorret oant en mei 14 april 2019. De eksposysje is in gearwurking mei Museum Heerenveen.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.