Utslaande brân by wenning yn Wolvegea

In wenning oan de Willem Lodewijkstrjitte yn Wolvegea hat freedtenacht grutte skea oprûn troch in brân. It giet om in twa-ûnder-ien-kap wenning, it fjoer sloech by de wenning út it rút.
© De Vries Media
De plysje hat buertbewenners wekker makke om se yn feilichheid te bringen. It fjoer drige oer te slaan nei oare wenningen.
Der binne twa weinen en in heechwurker ynset by de brân. It giet om de korpsen fan Skerpenseel, Wolvegea en Hearrenfean.