Auto slacht oer de kop by Olterterp
Op it Boppefjild by Olterterp is freedtenacht in auto oer de kop flein. De auto bedarre yn de sleat, de bestjoerder koe sels út de auto komme. Ambulânse en plysje waarden om 0.20 oere hinne oproppen.
De automobilist is neisjoen troch de ambulânsemeiwurkers, hy is net ferwûne rekke. De bestjoerder moast ek blaze en is troch de plysje meinaam. It is net bekend wat út de blaastest kaam.
De auto fan de man hat foarse skea en is troch in berger ophelle De dyk wie by it ûngelok foar in part ôfsletten troch de plysje.