Plysjewein oanriden op A7 by omlieden fan ferkear
By it omlieden fan it ferkear op de A7 is freedtejûn in plysjewein oanriden, troch in automobilist dy't te let seach dat de plysje dêr stie. It barde yn de buert fan in tankstasjon by Boarnsweach, tusken De Jouwer en Snits.
Op dat plak wie earder in oanriding tusken twa auto's. Dy bedarren swier skansearre yn de middenberm. Ien fan de twa automobilisten is nei it sikehûs brocht.
De plysje late it ferkear om fia de op- en ôfritten fan it tankstasjon. Dêrby waard de plysjewein dus oanriden. It liket derop dat dêrby gjinien ferwûne rekke is.