René Hake: "We moeten meedogenloos worden"

14 des 2018 - 23:53

Ien min momint efteryn late it thúsferlies fan Sportklup Cambuur tsjin FC Twente yn. Aitor Cantalapiedra koe nei in oere frij úthelje. Syn treffer wie de iennige yn de wedstriid. "Als je met een tegen twee bent en je zet geen druk op de bal, dan is het kleuterklas", sei Cambuur-trainer René Hake.

Der wie by de spilers fan tefoaren op hammere dat Aitor Cantalapiedra binnenkomme en úthelje soe, mar dochs gie it mis. "Je moet elk moment je verantwoordelijkheid voelen om het gevaarlijke niet toe te laten. Het was naïef."

It skot fan Cantalapiedra is Mous te machtich - Foto: www.orange-pictures.nl

Hake, dy't ek trainer west hat by Twente, seach noch wol betrouwen by syn spilers: "Wat ik wel heb gemist, is het anticiperend vermogen. De bal kwam niet vaak genoeg bij ons, omdat we erbij stonden te kijken. Ik vind dat je dat moet afdwingen."

Yn de earste helte hiene de Ljouwerters noch genôch kânsen om mei in romme foarsprong de rêst yn te gean. De klup like te faak it goeie momint ôf te wachtsjen. Kin Hake der noch foar soargje dat de felheid wer werom komt by de ploech? "Het gaat erom dat je in de handeling - jezelf vrijspelen en schieten - meedogenloos wordt. Hard werken en erop vertrouwen dat het beter wordt, is het enige wat we nu kunnen doen", beslút Hake.

"Niet een kans weggegeven"

Oanfierder Robbert Schilder, dy't ek in ferline hat by Twente, omskreau it ferlies as 'frustrearjend'. "We speelden eigenlijk heel behoorlijk. Ik denk niet dat we één kans hebben weggegeven."

Aitor Cantalapiedra fan FC Twente makke it iennichste doelpunt fan de jûn. De Ljouwerters wiene op harren hoede foar him, mar dochs wist hy mei in ôfstânsskot te skoaren. "We wisten dat hij een goeie speler is, met een heel goed linkerbeen. We konden de binnenkant niet dichthouden. Maar dat is juist de kant die je dicht moet houden bij zo'n speler", ferfolget Schilder.

De ploech like yn de wedstriid net in soad betrouwen út te strieljen. "We hebben proberen op te bouwen en van daaruit kwamen we er ook onderuit. Ik vond dat we op dat gebied wel vertrouwen hadden. Maar het is ook een kwestie van vertrouwen in de laatste fase, in de afronding. De overtuiging spatte er natuurlijk niet vanaf. Dat ontbrak eraan."

(advertinsje)