Henk Konings wurdt trainer fan fúzjeklup yn Burgum

14 des 2018 - 23:04

Henk Konings wurdt de trainer fan de fúzjefuotbalklup yn Burgum. De klups BCV en Burgum fusearje mei yngong fan it seizoen 2019/2020 en it earste alvetal komt dan ûnder lieding te stean fan Konings.

Foto: Martin de Jong

De âld-keeper is al hast tweintich jier haadtrainer yn it amateurfuotbal. Neffens de fúzjeklup past Konings perfekt by de nije ploech: hy is troch de spilers neamd as in goede kandidaat, hy past yn it opstelde 'funksjeprofyl' en hy hat sels ynteresse yn de fakatuere toand.

Op it stuit is Konings noch haadtrainer fan Be Quick Dokkum yn de earste klasse. Dêr is er oan syn sechsde seizoen dwaande. Earder wurke Konings ûnder oare by Oranje Nassau (Grins), SV Urk, SC Joure én ek alris by BCV.

Nij gesicht heart by nije start

Earder hiene BCV en Burgum al oanjûn ôfskied te nimmen fan har hjoeddeistige trainers, Jasper Bouma en Jan Bruin. By in nije start as fúzjeklup heart ek in nij gesicht, fine de klups.

(Advertinsje)
(Advertinsje)