Noppert wiis mei debút: "Lit elkenien no mar komme"

14 des 2018 - 22:41

"Ik wit no wat my te wachtsjen stiet. Lit elkenien no mar komme, ik fiel my relaxed." Dat sei Danny Noppert freedtejûn nei syn oerwinning yn de earste ronde fan it WK yn Londen. De 27-jierrige Jouster wûn ienfâldich mei 3-0 yn sets fan Royden Lam út Hong Kong.

"De winst is binnen, sa is it in geweldich debút", seit in blide Noppert. De Jouster hie it allinne yn de earste leg fan de wedstriid efkes dreech; dêrnei ferlear er gjin leg mear. "Ik wie net iens hiel goed foar myn gefoel, ik die gewoan myn ding."

Twadde ronde

Om't Royden Lam net genôch tsjinstân biede koe, wachtet Noppert sneontemiddei nei alle gedachten in gruttere útdaging. Tsjinstanner yn de twadde ronde is nammentlik Max Hopp út Dútslân.

Noppert: "Ik moat jûn in goeie nacht meitsje, sadat ik moarn wer ekstra skerp bin. Gewoan lekker knalle en dan sjogge we wol wêr't it feestje krekt einiget."

Foto: Lawrence Lustig, PDC

It WK fan de PDC yn it Alexandra Palace is it grutste darttoernoai fan it jier. Der dogge yn totaal 96 darters út de hiele wrâld oan mei. De bêste 32 darters fan de wrâldranglist komme yn de twadde ronde pas yn aksje. Foar de winner fan it WK leit in heal miljoen pûn klear.

Trefwurden: 
WK Danny Noppert darten
(advertinsje)
(advertinsje)