Drachtster Boys pakt trije brûkbere punten

14 des 2018 - 22:27

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys ha yn de lêste wedstriid fan de winterstop ôfstân nommen fan de ûnderste regioanen. Thús wûnen de Drachtsters mei 5-2 fan ZVV Den Haag. By it skoft wie it al 4-1. Avanti bliuwt wol ûnderoan stean. Yn Stiens waard it 3-8 tsjin TPP út Rotterdam.

Jessie Prijs (argyffoto) - Foto: Tibbesma Fotografie

Jessie Prijs sette Drachtster Boys al betiid op foarsprong, nei in ien-twa mei Aafke de Hoek. Prijs makke ek de 2-0, nei in pass fan Lisanne Kempe. En it wie noch net dien, want Prijs makke der ek noch 3-0 en 4-0 fan. Foar it skoft die Den Haag noch wol wat werom. Troch Priscilla de Vos waard it 4-1.

Yn de twadde helte kamen de Hagenezen noch wat tichterby, nei in treffer fan Lisanne Vermeulen. Utblinker Prijs fergrutte de marzje even letter wer nei trije goals. Mei in hurd skot makke se der 5-2 fan. Dat wie ek de einstân.

TPP te sterk foar Avanti

Avanti koe thús net opbokse tsjin TPP, de nûmer twa fan de earedifyzje. Dêr yn Stiens wie it by it skoft al 2-5. Yn de twadde helte koe Avanti it net mear spannend meitsje en de einstân wie dêrom 3-8.

Nei tolve wedstriden stiet Avanti op it alfde en foarlêste plak.

(advertinsje)