Goud foar paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis yn Londen

Paralympysk hurdfytser Alyda Norbruis fan Oerterp hat freed in gouden medalje wûn op de UCI Track Cycling World Cup yn Londen. Dit jier wie it foar it earst dat paracycling ûnderdiel wie fan de wrâldbeker.
Alyda Norbruis © www.orange-pictures.nl
Norbruis die yn 2012 foar it earst mei oan it WK baanhurdfytsen, dêr't se op de 500 meter goud en op de 3 kilometer sulver wûn. Ein 2015 stie de teller op mar leafst seis wrâldtitels en noch mear nasjonale titels. Yn 2016 reizge se ôf nei Rio foar har twadde Paralympyske Spelen. Ek dêr behelle se twa kear in gouden en in brûnzen medalje.