Cambuur ferliest fan Twente yn lêste thúswedstriid fan 2018

14 des 2018 - 21:52

Sportklup Cambuur hat de útoerwinning op Jong PSV fan moandei gjin goed ferfolch jaan kind. De Ljouwerters ferlearen freed yn de lêste thúswedstriid fan 2018 fan FC Twente: 0-1. Nei in oere makke Aitor Cantalapiedra de iennige goal fan de wedstriid.

Ien momint brekt Cambuur op tsjin Twente

Yn it earste kertier fan de wedstriid hie FC Twente it bettere fan it spul, mar in hiel soad lieten de besikers ek net sjen. Cambuur-doelman Xavier Mous kaam gjin inkeld momint yn de problemen.

Dêrnei waard Cambuur better. Earst skeat Issa Kallon yn de hannen fan Joël Drommel, mar net folle letter hie Kevin van Kippersluis de 1-0 op de fuotten. Syn ynset waard ek keard troch de Twente-keeper. Yn de lêste minút foar it skoft hie dyselde Van Kippersluis opnij in grutte kâns. Diskear waard syn skot blokt.

Cantalapiedra mei de 0-1

Javier Espinosa besocht it in kear fan ôfstân. Syn skot foel in meter njonken it doel fan Mous. De oare Spanjert, Aitor Cantalapiedra, skoarde nei in kertierke spyljen yn de twadde helte wol. Hy hie de romte om út te heljen bûten it strafskopgebiet en lei de bal fraai yn de hoeke.

Yn de lêste tweintich minuten fan de wedstriid wie Cambuur hieltyd faker op de helte fan FC Twente te finen. Echt grutte kânsen smiet dat lykwols net op. Matthew Steenvoorden kopte njonken nei in corner, Nigel Robertha skeat heech oer en in skot fan Rossi bedarre fia in Twente-skonk in meterke njonken de goal.

Foto: www.orange-pictures.nl

Noch twa kear

Sportklup Cambuur komt noch twa kear in aksje foar de winterstop. Takom woansdei spylje de Ljouwerters yn Sittard foar de beker tsjin Fortuna. De snein dêrnei stiet der opnij in wedstriid yn Limboarch op it programma: dan foar de kompetysje tsjin MVV.

SC Cambuur - FC Twente 0-1 (0-0) 60. Aitor Cantalapiedra 0-1

Opstelling SC Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Steenvoorden, Schilder, Sambissa; Kallon, Schindler (85/Conraad, Van den Beemt (68/Rossi), Maulun; Robertha, Van Kippersluis

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal FC Twente
(Advertinsje)
(Advertinsje)