Hearrenfean-froulju nei it skoft ûnderút tsjin Twente
De froulju fan SC Hearrenfean hawwe de wedstriid tsjin FC Twente freedtejûn ferlern. Op sportpark Skoatterwald op It Hearrenfean waard it 0-2. Beide goals foelen yn de twadde helte.
De earste helte begûn rêstich. Nei njoggen minuten krige middenfjilder Kerstin Casparij in grutte kâns. Har ynset gie lykwols neist it doel. Yn it ferrin fan de earste helte liken de Twentenaren de sterkere ploech. De Fryske froulju hiene it dreech. By it skoft wie der noch net skoard.
Yn de twadde helte sette de ploech út Oerisel de toan. Joëlle Smits makke de 0-1. Dêrnei ferrûn de wedstriid rêstich en waard der lange tiid net mear skoard. Krekt foar de ein fan de wedstriid makke Joëlle Smits har twadde goal. Dy 0-2 wie ek de einstân.
De ploech fan trainer Roeland ten Berge bliuwt op it sânde plak stean yn de earedifyzje foar it frouljusfuotbal. Takom tiisdei spilet Hearrenfean wer thús. PEC Zwolle, de nûmer seis, is dan de tsjinstanner.