Danny Noppert nei twadde ronde WK darten

14 des 2018 - 21:01

Darter Danny Noppert belibbe freedtejûn in suksesfol debút op it wrâldkampioenskip darten fan de PDC. Yn it Alexandra Palace yn Londen wûn de Jouster yn de earste ronde mei 3-0 yn sets fan Royden Lam út Hong Kong. De setstannen fan de iensidige wedstriid wiene 3-1, 3-0 en 3-0.

Nettsjinsteande in senuweftige earste leg kaam de Jouster al gau op in 1-0 foarsprong yn sets. De earste leg gie noch nei Royden Lam, mar Noppert kaam better yn syn spul en wûn trije legs op rige.

Rap ferfolch

Fan dat momint ôf hie Noppert gjin muoite mear mei syn tsjinstanner. Yn de twadde set waard it 3-0 en ek de lêste set gie mei dy sifers mei de Jouster. Mei in kreaze finish fan 112 besleat Noppert syn wedstriid yn de earste ronde.

Sneontemiddei: Max Hopp

De twadde ronde fan it WK darten yn Londen stiet foar Noppert sneontemiddei op it programma. Hy spilet de lêste wedstriid fan de middeissesje tsjin Max Hopp út Dútslân. Hopp is as 32ste pleatst foar dit WK.

It WK fan de PDC yn it Alexandra Palace is it grutste darttoernoai fan it jier. Der dogge yn totaal 96 darters út de hiele wrâld oan mei. De bêste 32 darters fan de wrâldranglist komme yn de twadde ronde pas yn aksje. Foar de winner fan it WK leit in heal miljoen pûn klear.

Trefwurden: 
WK Danny Noppert darten
(advertinsje)
(advertinsje)