Lúkseprobleem foar trainer SC Hearrenfean: twa fitte spitsen

14 des 2018 - 20:47

De trainer fan SC Hearrenfean, Jan Olde Riekerink, hat foar de thúswedstriid tsjin FC Utrecht snein in lúkseprobleem. Spits Sam Lammers is wer fit. Syn ferfanger Pelle van Amersfoort hat it lykwols hiel goed dien. Olde Riekerink woe freed nei de training net sizze wa't snein yn de spits stiet by SC Hearrenfean en ek net oft Arber Zeneli wer yn de basis weromkomt.

Jan Olde Riekerink

"Ik ga dat zaterdag aan mijn spelersgroep vertellen", seit Olde Riekerink. "Maar ik moet wel zeggen dat Pelle van Amersfoort een groot compliment verdient. Hij stond er! Ik heb respect voor de wijze waarop hij het heeft ingevuld."

We hebben wel wat ballast overboord gegooid.

Jan Olde Riekerink

Oft SC Hearrenfean nei twa oerwinningen op rige no yn in flow sit, dat giet de trainer wat te fier. "Het gaat ook te ver om te zeggen dat er een last van onze schouders is gevallen, maar we hebben wel wat ballast overboord gegooid. Tegen Willem II hebben we het goed gedaan, maar de spelers moeten beseffen dat zij iedere wedstrijd energie en strijdbaarheid aan de dag moeten leggen. Ze moeten na twee keer winst niet denken dat het zo maar gaat."

Sam Lammers

Yn FC Utrecht treft SC Hearrenfean snein in tsjinstanner dy't ek yn in hiele goede perioade sit. Olde Riekerink: "Zij zitten in een goede fase. Ze zijn sterk in de omschakeling. Het is een fysiek sterk elftal. Maar we hebben zelf ook een ploeg die mogelijkheden heeft. We moeten functioneel spelen. De voorbereiding was lastig, want FC Utrecht kan verschillende systemen spelen. Maar goed, de groep is gretig".

Sam Lammers wer fit

Olde Riekerink kin dus wer beskikke oer syn earste spits. Yn de twa wedstriden dy't Lammers miste, die Hearrenfean it lykwols goed. Dêr genietet Lammers benammen fan. "Ik sta elke dag met de jongens op het veld, dus ik ben dan ook blij."

Lammers wit noch net oft er yn de basis stiet tsjin Utrecht, mar hy is der klear foar. "Ik heb lekker getraind en ik voel me goed. Dat weet de trainer ook en die bepaalt uiteindelijk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)