Swimster Josien Wijkhuijs út Frjentsjer giet it aventoer oan yn Amearika

De 19-jierrige swimster Josien Wijkhuijs út Frjentsjer giet foar fjouwer jier nei Amearika om dêr te studearjen oan The University of Nevada yn Reno. Op 27 desimber fljocht se nei Amearika ta. Wijkhuijs waard by de wrâldbeker yn 2017 scouten troch de Amerikaanske universiteit dy't har graach yn training hawwe wol.
Swimster Josien Wijkhuijs nei Amearika
Fan de universiteit hat se in beurs krigen, sadat se dêr wurkje kin oan har swimmen en tagelyk de pabo folgje kin. "De studie is een goede combinatie tussen school en sport. In Amerika wordt echt rekening gehouden met de topsport en dat is erg fijn", fertelt Wijkhuijs.
Har coach hat it al oer de Olympyske Spelen yn 2020. Neffens de mem fan Josien soe it in wûnder wêze as dat slagget, mar se hat altyd fertrouwen hân yn har dochter. "Doe't se lyts wie, brochten wy har nei de trainingen en hellen we har wer op. Se is begûn mei turnjen, en is letter oergien nei it swimmen. Wy binne fansels tige grutsk op har!" seit har mem.

Bakû

Op de Europeeske Spelen yn Bakû yn 2015 wûn Josien mei har estafetteploech twa kear in sulveren medalje, op de 4x100 frij en de 4x100 wiksel. Ek hat se dêr twa Nederlânske rekôrs swommen. "De Spelen yn Bakoe waren echt heel vet, en dat we daar ook nog medailles gepakt hebben, is natuurlijk fantastisch!" seit Wijkhuijs.
Wijkhuijs sjocht der hiel bot nei út om nei Amearika te gean. "Ik zal alles moeten geven, want ze zijn in Amerika erg streng. Ik ben heel benieuwd waar het mij brengt, maar het belangrijkste vind ik dat ik mezelf ontwikkel en plezier heb", seit se.
Josien Wijkhuis