Oandielhâlders binne derút: ôffaloven REC bliuwt iepen

De ôffaloven REC yn Harns giet net ticht. Dat is de útkomst fan in oandielhâldersgearkomste dy't folle langer duorre as de bedoeling wie. De oandielhâlders binne hast alle gemeenten yn Fryslân. Se fiele allegear mei mei de ynwenners fan Harns, mar de REC giet dus net ticht. Tsjinstanners woene wol dat de ôffaloven ticht gie, op syn minst oant de stoomliedingen yn maart ferfongen binne. By de ôffaloven binne faak steuringen.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De oandielhâlders advisearje wol oan de direksje dat it kontinue mjitten fan de dioksine trochgiet. Boppedat is de earstkommende gearkomste net pas yn april, mar yn febrewaris. "Het advies van de aandeelhoudersvergadering is: zet die continue dioxinemeting nog minimaal voor een jaar voort. Kijk daarna verder hoe het ervoor staat. Nu is het aan de directie om dat advies goed af te wegen", seit wethâlder Harry Boon.
"De verantwoordelijkheid ligt niet alleen bij Omrin, maar ook bij de provincie en de veiligheidsregio", seit wethâlder Jaap van Veen. "Er liggen diverse onderzoeken, er wordt niet getwijfeld aan de veiligheid van inwoners. De REC voldoet aan alle normen."
Protestaksje by de REC
De gearkomste wie yn Aldehaske. Dat soe earst yn it gebou fan de REC, mar doe't in demonstraasje oankundige wie, waard besletten om de gearkomste te ferpleatsen nei Aldehaske, dêr't de befeiligingmooglikheden grutter wiene.
Dy gearkomste soe oant 16.00 oere duorje, mar doe't de klok fjouwer sloech, wie der noch gjin útkomst. Dat kaam ûnder oare trochdat de protesten yntusken net allinnich mear fan aksjegroepen en miljeuaktivisten kamen, mar ek hieltyd mear fan gemeenten en politike partijen sels.

Demonstraasje

By de demonstraasje yn Harns wiene freed sa'n 100 minsken. Sy blokkearren de yngong fan de ôffaloven. Dêrby koene frachtweinen wol it terrein ôf, mar der net mear op.
René Koster by de oandielshâldersgearkomste
Ferslachjouwer René Koster praat mei wethâlders Harry Boon (Harns) en Jaap van Veen (Hearrenfean)