Ferwûne otter weromset yn natuergebiet by De Feanhoop

14 des 2018 - 19:52

Otteropfangsintrum De Rietnymf út Munnikebuorren hat in otter, dy't ferwûne rekke wie by in ferkearsûngelok, weromset yn in natuergebiet fan It Fryske Gea. Dat wie flakby De Feanhoop. De otter waard dêrfoar trije wiken opfongen by De Rietnymf.

It opfangsintrum krige op 23 novimber in telefoantsje fan biste-ambulânse Súdeast-Fryslân: "Er is een gewonde mannetjesotter gevonden bij Nij Beets, waarschijnlijk afkomstig uit natuurgebied de Kraanlannen." Goed trije wiken letter giet it in stik better mei de otter. Dêrom koe er no weromset wurde yn de natuer.

Ferneamd nei foarbygonger

Auke Kuiper fan De Rietnymf wie earst net posityf. "Hij was gevonden door een voorbijganger, die rustig bij hem heeft gezeten totdat de dierenambulance er was. De dierenarts die de otter onderzocht vermoedde dat het arme dier een whiplash had. Positief verrast waren we dan ook met het nieuws eind november dat het beter ging met de otter." It bist krige earst de namme John - nei de foarbygonger - en letter ek Otto.

John Otto is no wer sûn: alert, skou en hy fangt syn eigen fisk. It Fryske Gea hat earder in spesjaal Otterfûns oprjochte foar dit soarte gefallen: ferkearsslachtoffers foar te kommen en ás der slachtoffers binne, se dan te rêden.

(advertinsje)
(advertinsje)