Liveblog | 15 desimber 2018

LIVEBLOG: Danny Noppert ferliest twadde ronde PDC WK

Yn it Alexandra Palace yn Londen spilet Noppert sneontemiddei tsjin Max Hopp út Dútslân.
Lêst bywurke: 15 desimber 2018, 19:05
sneon 15 desimber 2018
18:48

Ein fan dit liveblog

Oant safier it liveblog oangeande it WK-aventoer fan Danny Noppert. Letter sneontejûn fine je it ynterview mei de Fries op ús webside, www.omropfryslan.nl en op de Omrop-app. Snein ek omtinken foar de Jouster yn No yn Fryslân op 'e radio. Allegear tige tank foar it folgjen en graach oant in oare kear.
18:39

WK dien foar Noppert

It WK sit der sadwaande op foar Danny Noppert. Nei winst op Royden Lam yn de earste ronde is it yn de twadde ronde dien foar de Jouster. De wedstriid mist? Sjoch hjir foar it wedstriidferslach.
18:32
18:23

De statistiken fan de wedstriid: Noppert ferliest mei 3-0 nettsjinsteande in heger gemiddelde.

18:14

Noppert ferliest fan Hopp.

Danny Noppert is útskeakele op it WK darten yn Londen. De Jouster mist twa darts op dûbel 16 om de tredde set te winnen en yn de partij te bliuwen.
18:08

Hopp op 'matchpoint'

Max Hopp profitearret fan missers fan Noppert en smyt al syn finishes út. It is no 2-0 yn sets en 2-1 yn legs foar Hopp. Kin Noppert noch wat dwaan?