De Lemmer wurdt kommend wykein wer omtsjoend ta Dickensdoarp
Sa'n tûzen frijwilligers binne dit wykein yn it spier om it Dickensfestijn op De Lemmer ta in goed ein te bringen. Yn it doarp wurde 37 acts opfierd op in rûte fan yn totaal 2,5 kilometer. Dermei is it festival Op De Lemmer ien fan de grutste fan ús provinsje.
Dickens nimt Fryslân oer
De measte frijwilligers binne aktyf yn de tarieding fan it festival, mar op sneon en snein binne der ek in grut tal minsken aktyf as akteur of muzikant. Nij ûnderdiel dit jier is in 'moard' dy't oplost wurde moat.
Der wurde dit wykein tûzenen besikers ferwachte op De Lemmer. Om dat allegear yn goeie banen te lieden, binne der op ferskate plakken bewakingskamera's ophongen.
In dei foar de start fan it feest moatte de measte poadia en stands noch boud wurde. Neffens de organisaasje kin dat net oars, om't it plakhat yn it sintrum fan it doarp. It ferkear moat der freed noch del kinne, mar dernei wurdt it ôfsletten.
Harkje nei de reportaazje oer de tariedings
Neist it festival op De Lemmer binne der ek Dickens-festivals yn ûnder oare Dokkum en Ljouwert. Dochs tinkt de organisaasje fan it festival op De Lemmer net dat harren dat besikers kostet.
Neffens Amerins de Haan fan it Lemster Dickens Festijn kinne minsken der no moai in folslein Dickens-wykein fan meitsje troch mear as ien plak oan te dwaan.