Oeuvrepriis foar reedrydster Marrit Leenstra

14 des 2018 - 18:10

Reedrydster Marrit Leenstra (29) krijt de Oeuvrepriis foar har reedrydkarriêre. De Wikelse makke har debút yn 2006, waard wrâld- en olympysk kampioen op de ploege-efterfolging, mar einige ek faak op it minste plak: it fjirde. Yn de simmer fan dit jier besleat se op te hâlden mei reedriden. Yn it programma Sportmominten 2018 krige Leenstra de Oeuvrepriis út hannen fan sportdeputearre Michiel Schrier.

Oeuvepriis foar Marrit Leenstra

Yn de turbulinte karriêre fan Leenstra waard sukses ôfwiksele mei teloarstellingen. Yn 2006 ried se har earste wrâldbekerwedstriid, mar har echte trochbraak wie op it NK ôfstannen yn 2008, dêr't se it tredde plak op de 1.500 meter helle. Itselde jier wie se de topper op it NK en WK junioaren.

Flok fan it fjirde plak

Fan 2011 ôf makke sukses mear plak foar teloarstellingen: Leenstra einige krekt wat te faak krekt njonken it poadium. Dat wie in grutte frustraasje foar Leenstra, mar ek foar de fans dy't mei har meilibben. Dêrom wie it feest allinnich mar grutter, doe't Leenstra op de Olympyske Spelen yn Pyeongchang ôfrekkene mei dat fjirde plak en de brûnzen medalje op de 1.500 meter wûn.

Yn de simmer fan 2018 joech Leenstra oan op te hâlden mei reedriden.

Titels

Leenstra waard trije kear wrâldkampioen op it ûnderdiel ploege-efterfolging. Yn 2014 wûn se olympysk goud en yn 2018 olympysk sulver op de ploege-efterfolging. Yn 2018 wûn se ek olympysk brûns op de 1.500 meter.

Ek helle se ferskate nasjonale titels.

Oeuvrepriis

De Oeuvrepriis wurdt al sûnt 1974 útrikt. Doe hjitte it noch de Sportwisselprijs. Atje Keulen-Deelstra wie de earste dy't de priis ûntfong. Mar ek reedriders as Jeen van den Berg, Falko Zandstra, Rintje Ritsma en Sven Kramer ha de priis yn it ferline krigen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)