Olympysk goud fan Suzanne Schulting is it Sportmomint fan 2018

14 des 2018 - 17:48

De gouden medalje fan Suzanne Schulting is it Sportmomint fan it jier wurden. Schulting wûn op de Olympyske Spelen ferrassend goud op de 1000 meter. It wie de earste gouden medalje op it ûnderdiel shorttrack foar Nederlân. Schulting bleau de wrâldtitel fan Epke Zonderland krekt foar.

Sportmomint fan 2018: it goud fan Suzanne Schulting

Top 10

Oan de hân fan in sjuery en stimmen fan it publyk, is dit de top tsien foar 2018:

  1. De gouden medalje fan Suzanne Schulting op de Olympyske Spelen
  2. Epke Zonderland wint foar de tredde kear de wrâldtitel op de rekstôk
  3. Sven Kramer pakt alwer de titel op de 5 kilometer op de Spelen
  4. Sjinkie Knegt wint fjouwer kear in titel op it Europeesk kampioenskip
  5. Rixt van der Horst pakt trije wrâldtitels op it WK paradressuer
  6. Nei in sensasjonele ûntknoping wint Grou it skûtsjesilen by de SKS
  7. Jorrit Bergsma wint sulver op de 10 kilometer, Sven Kramer stelt teloar mei in achtste plak
  8. Liesette Bruinsma swimt dit jier leafst trije wrâldrekôrs en wint op it EK paraswimmen fjouwer gouden medaljes
  9. Marrit Bouwmeester wurdt Europeesk kampioen yn de Laser Radial-klasse
  10. Sherida Spitse spilet 150 ynterlannen en pleatst har foar it WK

Parasjutesprong foar Schulting

As priis krige Suzanne gjin beker, jildbedrach of byldsje, mar in parasjutesprong. Sjoch hjir nei har reaksje.

Reaksje Suzanne Schulting

Epke wer wrâldkampioen: nûmer 2

De nûmer twa fan de list is Epke Zonderland. Hy waard wrâldkampioen op de rekstôk. Ek mei Epke seagen we werom op syn sportmomint.

Sportmomint: Epke online

Yn in spesjaal telefyzjeprogramma 'Sportmominten 2018' presintearren Sport Fryslân, Omrop Fryslân, provinsje Fryslân en de Leeuwarder Courant op freed 14 desimber de populêrste sportmominten. Ut de 30 foarôf selektearre mominten hawwe it publyk en in sjuery de moaiste 10 keazen. Dy top 10 waard yn Sportmominten 2018 bekend makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)