Nije biogasynstallaasje yn gebrûk naam op de Dairy Campus yn Ljouwert

14 des 2018 - 17:21

Op de Dairy Campus by Ljouwert is in fernijde gasynstallaasje iepene, dy't troch in opwurkingsproses biogas geskikt makket foar levering oan it iepenbiere gasnet. De ynstallaasje is levere troch Biolease, dy't de kommende tolve jier ek soarget foar it ûnderhâld.

De gasynstallaasje fan Biolease is keppele oan de biofergister fan Dairy Campus, dy't tsjintwurdich yn hannen is fan in groep ynvestearders ûnder de namme Biogas Leeuwarden. De ynstallaasje fan Dairy Campus lei troch subsydzjeproblemen al in skoft stil.

It biogas út de fergister is allinnich geskikt om elektrisiteit en waarmte mei op te wekken. It kin net it net op. Mei de nije ynstallaasje is dat no wol mooglik. De nije ynstallaasje soarget ek foar minder lûds- en stankoerlêst yn fergelyk mei de âlde.

Direkteur Erik Brouwer oan it wurd

It is de bedoeling dat Biolease de kommende jierren noch ferskate biogasynstallaasjes yn gebrûk nimt, seit Erik Brouwer, direkteur fan Biolease. De earste al oer in pear moanne yn Luttelgeest.

By de iepening waard troch ferskate partijen útlein dat it CO2-neutrale biogas yn de takomst noch in grutte rol spylje sil by it oplossen fan it enerzjyfraachstik. It gasnetwurk yn Nederlân is fan hege kwaliteit. Net alle hûzen yn Nederlân kinne fan it gas ôf, fertelt Bouwe der Boer, enerzjyambassadeur fan de provinsje Fryslân. Ek fabriken en frachtauto's sille de kommende tiid foar in grut part noch fan gas gebrûk meitsje moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)