FIDEO: Friezen kieze it sportmomint fan 2018

14 des 2018 - 18:43

Wat is it moaiste sportmomint fan 2018 wurden neffens it publyk? Is it de tredde wrâldtitel fan Epke Zonderland oan de rekstôk, de tredde olympyske titel op de fiif kilometer fan Sven Kramer oft dochs it goud fan Suzanne Schulting op de Olympyske Spelen? Yn de spesjale útstjoering 'Sportmominten 2018' presintearren Omrop Fryslân, de Leeuwarder Courant, Provinsje Fryslân en Sport Fryslân de populêrste Sportmominten fan 2018. Ek makken wy bekend wa't dit jier de Oeuvrepriis krijt.

Ien fan de gasten wie shorttracker Sjinkie Knegt. Hy rekke dizze wike noch blessearre oan syn skonk. Dochs wie er, op krukken, yn de útstjoering oanwêzich. Eins om oer syn sportmomint te praten, mar hy fertelde dochs ek even oer hoe't er no blessearre rekke: troch in heftruck.

Sjinkie Knegt oer syn blessuere

Mar it gie fansels benammen oer de sport. Knegt wun sulver op de Olympyske Spelen: "Knap, mar net wêr't ik foar kaam." Hy wûn op it Europeesk kampioenskip fjouwer titels, ek wie dat foar him noch in tarieding op de Olympyske Spelen.

En wat oerhearsket? "Ik bin net sa fan it weromsjen, ik sjoch leaver foarút. Der komme noch genôch jierren oan."

Shorttracker Sjinkie Knegt oer syn momint

Douwe Visser fan it Grouster skûtsje seach werom op it SKS-kampioenskip fan dit jier. En dat wie tige spannend. "Der wiene noch fiif skûtsjes dy't kampioen wurde koene", fertelt Visser. It Hearrenfean hie de bêste útgongsposysje. "Wy moasten net allinnich foar It Hearrenfean einigje, der moast ek noch ien tusken. By de lêste tonne sieten se flak achter ús en dat woene we net."

Dus doe moasten de Grousters wat betinke. "We ha It Hearrenfean in pear hûndert meter fuortfard, dat sy net draaie mochten. Doe wie it foar ús in momint betinke dat wy noch krekt foar Drachten komme koene en It Hearrenfean net." Dat wie genôch foar Grou en dus wie de ûntlading by Visser en syn bemanning grut.

Skipper Douwe Visser oer syn momint

Der hat de lêste tiid ek in soad krityk west op ferkiezingen fan Sportman, Sportfrou en Sportploech fan it Jier. Sjueryfoarsitter fan de Sportmominten fertelt wêrom't se it dochs dogge. "It is ek diskutabel. Der is ek net ien kritearium. We ha frege: dit binne sportmominten, hoe ha jim it belibbe? Wat is jim gefoel derby? Dan kinst reedriden net ferlykje mei oare saken. Dochs fine we dat we it dwaan moatte. Der binne fantastyske prestaasjes levere. Dus litte we sjen wat we yn Fryslân dogge."

Sjueryfoarsitter Wiebe Wieling oer sportferkiezingen

It publyk koe stimme op 30 foarôf selektearre mominten. De moaiste 10 waarden freed yn de útstjoering Sportmominten 2018 presintearre.

Folsleine útstjoering: Friezen kieze sportmomint 2018

De útstjoering is freed ek noch de hiele jûn werom te sjen op telefyzje.

Trefwurden: 
Sportmomint 2018
(Advertinsje)
(Advertinsje)