Kabinet wol ynvestearje yn definsje mei oanskaf fyftjin nije F-35's

It kabinet wol fyftjin ekstra F-35's (JSF) gefjochtsfleantugen keapje. It stiet yn in brief rjochte oan de NAVO. Minister Ank Bijleveld skriuwt dat it kabinet fan doel is om takom jier ekstra yn Definsje te ynvestearjen.
© Omrop Fryslân
Foar de fleanbasis Ljouwert soe it net fuort konsekwinsjes hawwe. De ekstra F-35's krije nei alle gedachten in plak op de fleanbasis Volkel. Yn de hjerst fan takom jier wurde de earste F-35's ferwachte op de fleanbasis Ljouwert.
Der wurdt net allinnich ynvestearre yn de oanskaf fan nije tastellen. Der binne neffens minister Bijleveld fiif prioriteiten. It giet dan om ekstra fjoerkrêft foar de marine, de oanskaf fan pantserhouwitsers en tanks foar de lânmacht en fersterking foar de special forces. Ek wurdt jild frijmakke foar it fersterkjen fan cyberoarlochsfiering.
© Omrop Fryslân
De NAVO-lannen hawwe yn 2014 ôfpraat om de útjeften foar Definsje te ferheegjen. Dat soe twa persint wêze moatte fan it Bruto Nationaal Product. Nederlân sit dêr fier ûnder.