Offaloven Harns blokkearre troch lulke aksjefierders

14 des 2018 - 14:27

Sa'n 100 demonstranten ha freedtemiddei de yngong fan ôffaloven REC yn Harns blokkeare. De blokkade duorre oant krekt wat foar healwei fjouweren en wie tagelyk mei de oandielshâldersfergadering yn Aldehaske. Dy duorret noch oant it ein fan de middei. Frachtauto's mochten by de blokkade wol fan it terrein ôf, mar der net op. Earder freed oerlangen in delegaasje fan besoarge Harnzers en Stichting Afvaloven Nee de oandielhâlders fan Afvalsturing Friesland - dat binne hast alle gemeenten yn Fryslân - in petysje oan.

Neffens Hans Gillissen fan de stichting is der by de bou fan de oven in fout makke, mei strukturele lekkaazjes fan de stoompipe fan de ôffaloven as gefolch. Der moat dêrom in strukturele oplossing komme. Mocht dat útbliuwe, dan moat de oven ticht. Dêrneist moat de kommunikaasje by steuringen better en moat der mear oandacht komme foar de sûnensrisiko's ûnder de ynwenners.

Ferslachjouwer René Koster is by de REC

Foarsitter Janny Vlietstra fan Afvalsturing Friesland hat de petysje yn ûntfangst naam. Neffens har docht út ûndersiken bliken dat der gjin gefaar is foar de folkssûnens en is de kommunikaasje de lêste tiid just sterk ferbettere.

De aksjefierders wolle in sinjaal ôfjaan nei Harns: se binne klear mei de REC. De blokkade is in fuortsetting fan de aksje, dy't se earder op freed begûn binne. Se hâlde allinnich it ferkear tsjin, sa as frachtweinen dy't ôffal ôfleverje sille. Se ha neat tsjin de meiwurkers fan de REC.

(advertinsje)
(advertinsje)