Bern begjinne aksje om biologysk boerebedriuw fan âlden te rêden

14 des 2018 - 14:24

It biologyske boerebedriuw Louwsmar fan Gerben en Carla Engwerda by Tytsjerk driget slachtoffer te wurden fan de nije fosfaatwet. Bioboeren kinne in frijstelling foar de fosfaatrjochten krije, mar dy jildt allinnich foar fleiskij en net foar melkkij sa as de Engwerda's ha. Nettsjinsteande in lange striid tsjin de nije wetjouwing, moatte sy as biologyske boeren no dochs betelje foar de fosfaatrjochten. Mar dêr ha se it jild net foar.

Fryske readbûnte kij - Foto: Omrop Fryslân

Soan Meindert Engwerda oer de crowdfundingaksje

As se net betelje kinne, is it alternatyf dat sa'n 35 seldsume Fryske readbûnte en swartbûnte kij fan har feesteapel nei de slacht brocht wurde.

Om de bisten en it bedriuw fan harren âlden te rêden, ha de bern no fia doneeractie.nl in ynsammelingsaksje opset. Mei de aksje hope soan Meindert Engwerda sa'n 19.000 euro op te heljen.

Dat doel ha se yntusken al helle, mar der is noch folle mear nedich neffens Engwerda. "In de wirwar van alle regels is het nog steeds onduidelijk wat nou echt de kosten zijn. Alleen de boetes die zijn ingehouden, is al een bedrag van 40.000 euro."

Engwerda is bliid dat de donearaksje goed rint. "Het is hartverwarmend om te zien dat in zo'n korte tijd al zoveel geld is binnengehaald. We merken dat er heel veel begrip en medeleven heerst. We moesten even over onze trots heen, maar dit is wel de manier om nu toch even financieel de boel weer op orde te krijgen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)