Wachttiden foar oanlis sinnepanielen rinne op

Der moat ynvestearre wurde yn technysk personiel, oars rint de enerzjytransysje gefaar. Dat seit projektlieder Pieter Harm Sipma fan keninklike Damstra Ynstallaasjetechnyk yn Driezum. Sy nimme wykliks minsken oan, mar dan noch rinne de wachttiden foar de oanlis fan sinnepanielen op oant 8 wiken.
Griene enerzjy © Shutterstock.com
Der binne gewoanwei te min technyske minsken, no't hieltyd mear minsken en bedriuwen oerskeakelje op duorsume enerzjy. En dat tekoart oan personiel wurdt hieltyd grutter. Sipma moat, om it wurk oan te kinne, dochs hieltyd ekstra minsken oannimme. Dat binne útfierders, projektlieders, mar ek elektrotechnisy en wetterboukundigen.
Mei it tekoart oan personiel en de langere wachttiden tinkt Sipma net dat Nederlân it doel hellet om yn 2030 de CO2 útstjit mei 49 prosint redusearre te ha.
Ferslachjouwer Rene Koster yn petear mei Pieter Harm Sipma