Love Fryslân makket deitripke nei Amsterdam

14 des 2018 - 12:15

De grutte Love Fryslân-letters dûke sneon op yn Amsterdam. Merk Fryslân gunt de wite letters mei it reade pompeblêd in reiske nei de haadstêd. It is de bedoeling op guon plakken yn Amsterdam in skoftke stil te stean, sadat minsken dermei op de foto kinne.

Foto: Merk Fryslân

It is net de earste kear dat de letters op reis gean. Begjin dit jier stiene se yn Grins. Dat rûn net alhiel goed ôf, want se waarden dêr bekladde mei ferve.

Merk Fryslân wol besykje ek by it Museumplein yn Amsterdam te stean. Dat is in knypeach nei de letters I Amsterdam dy't dêr oant begjin desimber stienen. Dy letters binne fuorthelle, om't se foar in soad oerlêst fan toeristen soargen.

De Fryske letters bliuwe op in oanhinger stean. Al wurdt der wol besocht oare partijen sa fier te krijen dat Love Fryslân in skoft yn Amsterdam stean bliuwe kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)