Nije Fryske partij wol in folslein enerzjyneutraal Fryslân

14 des 2018 - 11:36

Fryslân moat yn 2030 folslein enerzjyneutraal wêze. Om dat foarinoar te krijen, moatte tsjin dy tiid mar leafst 17 miljoen sinnepanielen ynstallearre wêze. Dat wol de nije politike partij Natuurlijk Fryslân. De partij docht mei oan de provinsjale steateferkiezingen op 20 maart 2019.

Griene enerzy - Foto: Shutterstock.com

Listlûker Sietze Schukking fan Natuurlijk Fryslân

De partij set yn op in fossylfrije en sirkulêre provinsje en dat soe in ynvestearring fan tweintich miljard euro freegje. Neffens de partij is de helte dêrfan nedich foar materieel foar de enerzjytransysje. De oare helte is foar de oankeap en ynvestearring yn ûnreplik guod om de lânboutransysje mooglik te meitsjen en de leefberheid yn de doarpen te fersterkjen.

Listlûker foar Natuurlijk Fryslân foar de kommende steateferkiezingen is Sietze Schukking, âld-steatelid fan D66. Op it stuit is hy ûnôfhinklik lid fan Provinsjale Steaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)